'Tink om de Fryske hynders'

14 jan 2014 - 10:09
  • Frysk Hynder

Fryslân moat der goed om tinke dat der genôch Fryske hynders yn de provinsje bliuwe. Dat seit Germ Aise Bouma fan dekstasjon Henswoude yn Aldeboarn. Troch de krisis is it oantal dekkings fan de hynders flink ôfnaam. In oantal jierren lyn wiene der sa'n 8000 dekkings yn it jier, wylst dat no noch mar 4000 binne. Hjirtroch driget in tekoart oan dressuerhynders.

Ynternasjonaal is der in soad belangstelling foar Fryske hynders. Fan oeral oer de wrâld komme leafhawwers nei ús provinsje om hynders te keapjen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)