Tinga twad by kwart triatlon

18 maaie 2003 - 00:00

Tiedo Tinga is twad wurden op de kwart triatlon yn Wageningen. Dêrmei is de Lemster it seizoen goed begûn. Robert van der Werff út Linschoten wie de rapste. Tinga joech in lytse minút ta. Hy fytste yn de kopgroep en ried dêr út wei. Hy moast letter achteroan slute by de groep nei't er in ôfslach op it parkoers mist hie.

Tinga docht oer twa wiken mei oan de earste noardliike triatlon op It Hearrenfean.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)