Tinga tred by 8 fan Drachten

21 jun 2009 - 15:37

De hurdrinwedstriid de Acht fan Drachten tusken Beetstersweach en Drachten is in Keniaansk barren wurden. By de manlju wûn Ezekiel Meli yn 23,14. Lângenoat Ronald Kipchumba kaam op 26 tellen as twadde oer de streek.

De Keniaanske José Carlos Ciprian wûn it by de froulju. Yvonne Tinga fan Boalsert waard tredde en earste Nederlânske. Der wiene 841 dielnimmers en dat is in nij rekôr.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)