Tinga: doarren foar Amsterdam

27 jul 2010 - 12:35
  • Foto: Omrop Fryslân

Doarfabryk Tinga út Winsum hat de grutste oarder út 'e eigen skiednis ynhelle. Foar wenningstichting Ymere yn Amsterdam sil it Fryske bedriuw 957 foardoarren meitsje. Dêr is in bedrach fan 9 ton mei anneks. De doarren wurde stik foar stik opmetten en op maat makke fan FSC-hout. Nei de boufak giet it wurk los. It bedriuw is no noch ticht fanwege de fakânsje. Foar 1 jannewaris moat it wurk foar Amsterdam dien te wêzen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)