Tineke Schokker út de polityk

09 sep 2014 - 14:45
  • Tineke Schokker

Deputearre Tineke Schokker komt net werom yn de Fryske polityk. Har namme ûntbrekt op de ferkiezingslist fan it CDA foar de kommende provinsjale ferkiezings. De list is moandei bekend makke. Schokker hie noch wol troch wold, mar it partijbestjoer hat dêr in stokje foar stutsen. Se sprekke fan in drege ôfwaging.

Tineke Schokker is sûnt 2007 deputearre, dêrfoar wie se fjouwer jier lid fan provinsjale steaten.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)