Timpaan wol acht pjutteboartersplakken ôfstjitte

22 apr 2015 - 12:13
  • Pjutteboartersplak It Pikehokje yn Terwispel

Timpaan Kindercentra wol net fierder mei acht pjutteboartersplakken yn de gemeente Opsterlân. It giet om de lokaasjes fan De Tynje, Terwispel, Langsweagen, Bakkefean, Fryske Peallen, Nij Beets, Wynjewâld en Lippenhuzen. Foar Timpaan binne dizze lokaasjes net rendabel mear.

Dit komt trochdat de gemeente gjin subsydzjes mear jout foar de opfang fan pjutten. In soad âlden fine de kosten fan de boartersplakken no te heech en bliuwe dêrom fuort. It is net dúdlik hoe't de takomst fan dizze pjutteboartersplakken derút sjocht.

Mocht der gjin oplossing komme, dan wurde de wurknimmers fan de lokaasjes ûntslein.

Timpaan is no tegearre mei de gemeente Opsterlân op syk nei ynstânsjes dy't de pjutteboartersplakken fan harren oernimme wol. Timpaan hat ek lokaasjes yn Oerterp, Beetstersweach en De Gordyk. Dizze lokaasjes bliuwe nei alle gedachten wol ûnder de flagge fan Timpaan. De bedoeling is om dizze pjutteboartersplakken ûnder te bringen by de berne-opfang yn dy doarpen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)