Timmer wint 1000 meter

01 nov 2003 - 00:00

Marianne Timmer hat sneon har twadde titel op it NK-ôfstannen yn Thialf op It Hearrenfean ferovere. De rydster dy't freed de 500 meter al wûn, kaam op de 1000 meter út op in tiid fan 1.18,23.

Marianne Timmer bleau ploechmaat Annamarie Thomas in heale sekonde foar. Dy kaam út op 1.18,89. It brûns wie foar Andrea Nuyt. Marieke Wijsman fan It Hearrenfean waard fjirde.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)