Timmer wer sprintkampioene

09 jan 2006 - 11:24

Marianne Timmer is snein yn Assen foar de achtste kear Nederlânsk sprintkampioene wurden. Dizze kear wûn Timmer net ien ôfstân. De ôfslutende 1000 meter waard wûn troch Barbara de Loor fan It Hearrenfean. Dy hie dy ôfstân sneon ek al wûn.

Troch har matige 500 meter einige De Loor op it fyfde plak. Dat is te min foar it WK sprint oer fjirtjin dagen yn Thialf. Dêr dogge Timmer, Van der Star, Gerritsen en Wijsman oan mei.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)