Timmer nei Hearrenfean

05 mrt 2010 - 10:47
  • Henk Timmer

Keeper Henk Timmer komt defintyf nei Sportklup Hearrenfean. De 36-jierrige doelman hat in kontrakt tekene oant de ein fan dit seizoen. Timmer is oanlutsen, omdat Hearrenfean in keepersprobleem hat. Brian Vandenbussche en Martin Lejsal binne blessearre en Kenny Steppe is al langer útskeakele.

Timmer beëinige ferline seizoen syn karriêre by Feyenoord, mar komt no werom op it fjild by Hearrenfean.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)