Timman sil yn Ljouwert spylje

13 jan 2005 - 17:27

Skaker Jan Timman docht foar it earst sûnt jierren wer mei oan it Nederlânsk kampioenskip. De 53-jierrige grutmaster hat in wildcard oannaam fan de organisaasje. Timman wie yn it ferline al njoggen kear de bêste fan ús lân.

It NK wurdt hâlden yn de Grutte Tsjerke yn Ljouwert. It set útein op 5 septimber en duorret alve dagen. Foar Fryslân docht Sipke Ernst oan it toernooi mei.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)