Time Out wol lange baanploech

18 jan 2005 - 10:28

De maratonreedridersploech Time Out hat plannen foar in lange baanploech. Sven Kramer fan Aldskoat soe dêr in plak yn krije moatte. De plannen binne noch yn in ier stadium, seit ploechlieder Pascal Vergeer. Der binne mear ploegen dy't belangstelling foar Kramer ha.

Time Out soe it fjirde Nederlânske team wurde mei in lange baanploech. Yn de maratonploech sitte ûnder oare Bert Jan van der Veen en Miel Roozendaal. Mar ek langebaanrider Parra treent by Time Out.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)