Time Out bliuwt sponsor Cambuur

28 jun 2002 - 00:00

Sportketen Time Out is de kommende trije jier haadsponsor fan fuotbalklub Cambuur. Time Out wie it lêste heal jier ek al shirtsponsor fan Cambuur. It nije kontrakt smyt Cambuur yn totaal rûchwei 300.000 euro yn it jier op.

De oare shirtsponsor dy't freed presintearre waard, is Hoekstra Hypotheken út Ljouwert. Dy komt op de achterkant fan de shirts te stean.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)