Tim Douwsma 'Popstar-ôf'

08 okt 2007 - 10:13

It aventoer fan Tim Douwsma út Wynjewâld yn it televyzjeprogram 'So you wanna be a popstar' is foarby. De Fries waard sneon útskeakele foar de talintejacht. Hy krige net genôch stimmen om troch te gean.

Foar snein wie al in fandei foar de jonge sjongende Douwsma pland en dy gie nettsjinsteande it ferlies wol troch. Tim kaam oan yn in limûsine en waard opwachte troch in groep jonge, meast froulike fans.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)