Tim Douwsma makket him klear

24 feb 2012 - 17:04

Sjonger Tim Douwsma út Wynjewâld makket him op it stuit klear foar it nasjonaal sjongfestival. Hy is mei it nummer Under Cover Lover ien fan de seis dielnimmers dy't no snein stride sille om in plak foar it Eurovisie songfestival yn Azerbeidzjan.

Douwsma bruts yn 2007 troch yn it SBS-programma 'So you wanna be a popstar'. No docht er in soad wurk foar de TROS. De omrop noege him ferline jier út by it Eurovisie sjongfestival yn Düsseldorf. Sa krige er de smaak te pakken om ek ris mei te dwaan.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)