Tim Douwsma jout punten troch

01 maaie 2014 - 12:41
  • Tim Douwsma

Sjonger Tim Douwsma fan Wynjewâld mei yn de grutte finale fan it Eurovisie Songfestival de punten fan Nederlân bekend meitsje. Dat hat de organisaasje tongersdeitemiddei bekend makke. De Nederlânske sjuery is yntusken ek bekend. Dy bestiet út radio-DJ en platebaas Tony van de Berkt, musicalstjêr Freek Bartels, sjongeressen Ruth Jacott en Marlayne Sahupala en 3FM-dj Sander Lantinga.

De finale is op sneon 10 maaie yn Kopenhagen. De Nederlânske dielnimmers, The Common Linnets, komme op de earste heale finale yn aksje. Dy is tiisdei 6 maaie.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)