Tiltrans Burgum nominearre

08 nov 2007 - 15:09

Transportbedriuw Tiltrans yn Burgum is nominearre foar de ûndernimmerspriis Transport en Logistiek 2007. Mei de priis wol Transport en Logistiek wize op kwaliteitsferbettering en professionalisearring yn de sektor.

Ferkearsminister Eurlings rikt de ûndernimmerspriis 24 novimber út yn Den Haach. Mei elkoar binne der acht bedriuwen nominearre yn trije ferskate kategoryen. Tiltrans is nominearre yn de kategory middelgrut bedriuw.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)