Tilster bern yn rolstoel

08 maaie 2014 - 13:54
  • Tilster bern oan it rolstoelbasketbaljen

Learlingen fan basisskoalle Oranje Nassau yn Koatstertille koene tongersdei belibje hoe't it is om yn in rolstoel te sitten. It projekt 'Scool on wheels' is organisearre om bern bewust te meitsjen fan wat minsken mei in handicap kinne.

De bern krigen in klinik fan Bernard Wout, ien fan de dosinten fan it projekt, en mochten yn rolstoelen tsjin inoar basketbalje.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)