Tillefonnepaed foar rjochter

18 aug 2011 - 16:22

Hûnebesitters út Warkum besochten tongersdei by de rjochter ôf te twingen dat se mei de hûn oer it Tillefonnepaed meie. Dat paad is gemeentlik eigendom mar rint troch it lân fan boer Bokma. Dy is bang dat syn kij troch de hûnestront besmet reitsje mei de neospara-parasyt en dêrtroch keallen fersmite.

In proef om hûnebesitters de stront opromje te litten wie gjin súkses. Minsken lieten de hûn losrinne of rêden de stront net op.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)