Tillefoans stellen yn Ljouwert

14 feb 2014 - 11:19
  • De Doelesteech yn Ljouwert

Personiel fan in hoarekagelegenheid oan de Doelesteech yn Ljouwert hat tongersdeitenacht twa Amsterdammers betrape op it stellen fan mobile tillefoans. De manlju fan 29 en 38 hiene ferskate tillefoans út jassen en tassen fan besikers helle. Dat waard sjoen troch tsjûgen, dy't it personiel warskôgen. De oproppen plysje hat de Amsterdammers meinaam nei it buro.

Yntusken hawwe twa dupearren oanjefte dien. De plysje tinkt dat der noch mear slachtoffers binne.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)