Tiisdei petear Prins Dokkum

07 mrt 2013 - 11:42
  • Staking Prins Dokkum

De direksje fan fangrailfabrikant Prins Dokkum giet takom tiisdei wer om tafel mei de fakbûnen. Dat seit direkteur Herman Odijk. Hy rekkenet op in stevich petear en giet derfan út dat it ek it lêste petear mei de bûnen wêze sil. 'As we der no net útkomme, komme we der tink ik noait út', seit er.

In petear tusken personiel en direksje smiet woansdei neat op. Tongersdei wurdt der wer staakt. Saferoad, it Noarske memmebedriuw fan Prins Dokkum, wol de Dokkumer fabryk yn juny slute en de produksje oerhevelje nei Dútslân en Poalen.

Dat kostet 30 fan de 34 wurknimmers harren baan. De wurknimmers en de fabûnen fiere sûnt ferline wike aksje om sluting foar te kommen. As dat net slagget wolle se in bettere ôffloeiïngsregeling.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)