Tiisdei nij bestjoer SC H'fean

26 aug 2013 - 12:28
  • Abe Lenstra stadion

Tiisdei wurdt by Sportklup Hearrenfean it nije stichtingsbestjoer presintearre. Under lieding fan Jos Vaessen en Lense Koopmans is Hearrenfean op syk gien nei in nij bestjoer. Bedoeling is dat út alle lagen fan de klup minsken yn it stichtingsbestjoer komme; fan supporters oant sponsoaren en frijwilligers.

Tiisdei om healwei tolven wurdt yn it Abe Lenstra Stadion bekend makke wa't de nije leden fan it stichtingsbestjoer binne. Pas dêrnei sil Hearrenfean op syk nei in nije direksje en in nije foarsitter.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)