Tiisdei gjin bussen mear yn Fryslân, útsein stedsferfier

05 jan 2016 - 15:26

Busferfierder Arriva hat tiisdeitemiddei besletten om de rest fan de dei gjin bussen mear yn Fryslân ride te litten. Arriva seit de situaasje net feilich genôch te finen. Ek yn Grinslân en Drinte ride gjin bussen mear. Allinnich de stedstsjinst yn Ljouwert rydt noch, mar wol mei de nedige fertraging.

Mear ynformaasje hjiroer is te krijen by Arriva.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)