Tiisdei earste peal foar werbou Kelders yn Ljouwert

09 apr 2015 - 15:27
  • De Kelders nei de brân

Yn Ljouwert wurdt kommende tiisdei symboalysk de earste peal boarre foar de werbou fan de ôfbaarnde gebouwen oan de Kelders en de Poststrjitte. De pannen giene ferlern by de grutte brân yn oktober 2013. Dêrby kaam in man fan 24 jier om it libben. In grutte groep bewenners rekke har hûs kwyt.

De ferwachting is dat se oan de ein fan dit jier yn har nije hûs kinne.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)