Tiidwaarnimmingstriedsje soarget foar opûnthâld op Thialf

12 des 2015 - 16:11

By de earste wrâldbekerwedstriden op it iis fan it fernijde Thialf wiene sneontemiddei problemen mei de tiidwaarnimming. De iismasine hie te folle iis ôfskrabbe, wêrtroch't it triedsje fan de tiidwaarnimming by de startline boppe it iis útkaam.

Dat soarge foar opûnthâld om't de iismaster it triedsje út it iis helje moast. Mei stikstof is it wer yn it iis fêstmakke. Dat barde healwei de 5 kilometer fan de manlju. De 5 kilometer koe dêrnei gewoan trochgean.

Foardat letter op de middei de 1000 meter fan de manlju starte sil, binne mear wurksumheden nedich om it probleem op te lossen. Dan is it plak, dêr't it triedsje leit, nammentlik de finish.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)