"Tiidstip aaismytkampioenskip ferpleatse om waar"

04 jul 2015 - 15:51

De organisaasje fan it iepen kampioenskip aaismiten yn Boalsert oerwaget om it evenemint tenei letter op de middei te hâlden. Dat seit wurdfierder Jaques Hoogenboom. Sneon wie de fyfde edysje fan it kampioenskip. De start wie de middeis om healwei ienen. Mar nea earder wiene der sa'n bytsje dielnimmers en publyk as no. Dat komt troch de waarmte, tinkt Hoogenboom. Op de Bargefenne is it wol in graad of 30.

De organisaasje tinkt dat der om fiif oere middeis mear minsken op ôf komme. Dan is de kâns op hege temperatueren lytser.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)