Tiidritfyts foar jong talint

18 apr 2013 - 11:34
  • De spesjale tiidritfyts fan Douwe Schaafsma
  • De spesjale tiidritfyts fan Douwe Schaafsma

De jonge hurdfytser Douwe Schaafsma fan De Falom hat in spesjale djoere tiidrydfyts krige. Dy is allinnich foar bysûndere talinten. De fyts kostet hast 7000 euro en hy wurdt betelle troch in sponsor, in fytsesaak yn Damwâld.

De 15-jierrige Douwe Schaafsma fytst by hurdfytsploech Otto Ebbens fan De Westereen. Hy hat ferskate wedstriden wûn en docht sels yn België mei. Douwe krige de fyts yn Damwâld út hannen fan âld-hurdfytscrack Gert Jakobs.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)