'Tiid dat bestjoer opstapte'

27 nov 2007 - 16:28

Wethâlder Willem van der Wal fan Achtkarspelen wol net mei it opstapte bestjoer fan it doarpshûs fan Surhuzum om tafel. It bestjoer hat krityk op de gemeente. De leden hâlde dermei op en hawwe in fallisemint oanfrege as der foar 15 desimber net in nij bestjoer is.

Neffens Van der Wal woe de gemeente allinne mar in oersjoch fan de boukosten hawwe. Mei Doarpsbelang wurde no nije bestjoersleden socht.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)