Tige swakke skoallen Fryslân

02 apr 2013 - 12:01

Fryslân hat fjouwer tige swakke basisskoallen en ien tige swakke skoalle foar fuortset ûnderwiis. Dat docht bliken út de nijste sifers fan de ûnderwiisynspeksje. In jier lyn wiene der noch twa tige swakke basisskoallen yn de provinsje.

De tige swakke basisskoallen fan no, binne Lyts Libben yn Berltsum, De Wizebeam yn Minnertsgea, de Koningin Julianaskoalle yn Kollum en Yn de Mande op Skiermûntseach. De ôfdieling 'gemengd theoretisch' fan it Marne College yn Boalsert is by de skoallen foar fuortset ûnderwiis hiel swak.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)