Tige slagge Ballonfeesten

29 jul 2013 - 07:36

De organisaasje fan de Fryske Ballonfeesten op De Jouwer sjocht werom op in tige slagge 28e edysje. Alle dagen koene de ballonnen de loft yn. Benammen de wynstille dagen de ôfrûne wike wiene foar de ballonnen ideaal om te farren.

Sa'n 23.000 minsken besochten it fiifdaagse evenemint. Njonken de opfallende ballonnen soarge ek de F16 strieljager fan fleanbasis Ljouwert foar in soad nijsgjirrige besikers.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)