Tien Nguyen Beste Buur Fryslân

26 nov 2012 - 15:40
  • Tien Nguyen
  • Tien Nguyen

Tien Nguyen fan It Hearrenfean mei him dit jier Beste Buur fan Fryslân neame. Hy is troch syn buorlju foardroegen en krige yn de provinsje de measte stimmen. De 59-jierrige Nguyen komt oarspronklik út Fietnam. Hy wennet op dit stuit 24 jier yn Nederlân.

Moandei hat de sjuery ek de top trije fan de lanlike ferkiezing bekend makke. Dêr sit Nguyen net by, mar hy is wiis genôch mei syn Fryske titel.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)