Tieme Klompe hâldt der mei op

24 okt 2005 - 20:23

Fuotballer Tieme Klompe hâldt op yn it betelle fuotbal. De ferdigener (29) spile dit seizoen op amateur-basis by FC Grins, mar kaam troch blessueres hast net oan spyljen ta. Hy kin de motivaasje net mear opbringe om noch in kear werom te kommen, seit er.

Klompe spile sûnt 1996 acht seizoenen by SC Hearrenfean. Ferline jier stie er ûnder kontrakt by RKC Waalwijk. Klompe spile dit seizoen ien wedstriid foar FC Grins, mar krige doe in reade kaart.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)