Tiedo Tinga 5de op it Amelân

15 sep 2003 - 00:00

Tiedo Tinga fan 'e Lemmer waard snein fyfde by de earste off the road triatlon op it Amelân. Mei moai waar, 130 dielnimmers en in soad publike belangstelling waard dizze earste 'Tri-Ambla Noordzee Challenge' in grut súkses.

Rob Barel fan Overberg wie nei 1 kilometer swimme, 30 kilometer mountainbike en 10 kilometer drave de fluchste. By de froulju wie Rikka Kelja fan Gorinchem de sterkste.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)