Tichtsetfisker Piebe de Jong krijt keunstwurk yn Aldegea

03 jul 2015 - 20:18
  • Tsjibbe de Jong by it keunstwurk foar syn heit Piebe

Aldegea (Smellingerlân) hat freed in keunstwurk krigen ta neitins oan de lêste tichtsetfisker fan dat doarp. Piebe de Jong wie dat, en hy fong fisk troch syn netten dwers yn de feart te setten. Boaten koene der dan net mear del, en dêrom waard De Jong yn de jierren sechstich ferbean op dy wize te fiskjen.

Om him en syn bysûndere wize fan fiskjen net te ferjitten, fûn doarpsbelang dat der in keunstwurk komme moast. It keunstwurk is ûnbleate troch de 72-jierrige soan fan de fiskerman, Tsjibbe de Jong.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)