Tichelaar ynstallearre as CdK

14 maaie 2009 - 14:26
  • Jacques Tichelaar by syn ynstallaasje

Jacques Tichelaar fan Oranjewâld wurdt tongersdei ynstallearre as kommissaris fan 'e Keninginne yn Drinte. Hy folget de ferstoarne Relus ter Beek op. Op 1 maaie is Tichelaar mei syn nije funksje begûn.

Yn april naam Tichelaar ôfskie as Twadde Keamerlid fan 'e PvdA. Hy hat sân jier yn 'e Keamer sitten. By de lêste kabinetsûnderhanneling wie er bemiddeler. Dêrnei wie er in jier fraksjefoarsitter, mar dy funksje lei er ferline jier del om sûnensredenen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)