Tichelaar wol saakliker

13 des 2011 - 12:28

Keninklike Tichelaar út Makkum wol mear omset helje út de ferkeap oan saaklike klanten. Dêrom wurdt de besteande winkel by it fabryk foar in grut part omboud ta showroom. Keunstners, arsjitekten, kreativen en bouwers kinne dêr sjen wat de tegelfabrikant meitsje kin.

Oer in pear jier moat de omset út de ferkeap fan tegels en keramyk yn binnen- en bûtenlân mei tritich persint tanaam wêze. It bliuwt mooglik om diggelguod te keapjen yn de winkel yn Makkum, mar Tichelaar rjochtet him benammen op de ferkeap fia ynternet. De koerswiziging fan it bedriuw hat gjin gefolgen foar de goed fyftich personielsleden.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)