Tichelaar wól âldste bedriuw

08 okt 2007 - 16:38

Ierdewurkfabryk Tichelaar is gewoan it âldste famyljebedriuw fan Nederlân. Dat seit direkteur Jan Tichelaar yn reaksje op in ûndersyk fan universiteit Nijenrode.

Dêrút soe bliken dwaan dat net it Makkumer bedriuw, mar toufabryk Van der Lee út Oudewater âlder is. Tichelaar makket ierdewurk sûnt 1572, it toufabryk soe sûnt 1545 aktyf wêze. Dat jiertal blykt lykwols it bertejier fan de oprjochter te wêzen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)