Tichelaar ferkeapet poerbêst

10 maaie 2013 - 12:02
  • Grutte drokte by Tichelaar

Ierdewurkfabryk Tichelaar yn Makkum is tige tefreden oer de earste dei fan de trijedaagse ferkeap fan diggelguod. It bedriuw hâldt op mei it meitsjen en ferkeapjen fan tradisjoneel ierdewurk en tegels. Folle mear as de helte fan it ierdewurk is yn ien dei ferkocht en in tredde fan de tegels. Freed en sneon binne der ek noch ferkeapdagen. Mocht der dan noch diggelguod oer wêze, dan giet de ferkeap mei de hege koartings takom wike fierder.

Lykas op Himelfeartsdei is it freed ek wer drok mei klanten út it hiele lân.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)