Tichelaar ferhuzet nei Assen

07 jan 2010 - 08:27
  • Jacques Tichelaar ferhuzet fan Oranjewâld nei Assen

Jacques Tichelaar ferhuzet ein dizze moanne fan Oranjewâld nei Assen. Dat meldt RTV Drenthe. Wêr't er krekt wenje sil is noch net bekend, mar neffens in wurdfierder fan de provinsje Drinte giet it om in hûs yn de binnenstêd fan Assen.

Tichelaar waard maaie ferline jier kommissaris fan de keninginne yn Drinte. Hy is no ek wetlik ferplichte om yn de provinsje Drinte te wenjen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)