Tichelaar is de âldste

05 apr 2013 - 16:21

It âldste famyljebedriuw fan Nederlân is no offisjeel Tichelaar Ierdewurk yn Makkum. Dat skriuwt NRC Handelsblad. It bedriuw dat oant no ta dizze titel hie, Touwfabriek Van der Lee yn Oudewater, is oernommen. Van der Lee is begûn yn 1545, Tichelaar hast hûndert jier letter, yn 1640.

Yn de Top 10 fan âldste famyljebedriuwen fan Nederlân stean fierder gjin Fryske ûndernimmingen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)