Thúswinst Hearrenfean op Feyenoord populêrste Fryske tweet

15 des 2015 - 10:27

De 3-1 thúsoerwinning fan SC Hearrenfean op Feyenoord op 4 febrewaris fan dit jier is it meast besprutsen momint fan Fryslân op Twitter. Dat hat it social media-bedriuw Buzzcapture útsocht. Oare mominten dat der in soad oer Fryslân twittere waard, wie mei de stoarmkoade oranje fan ein maart en de diskusje oer gasboarrings op Skylge.

Buzzcapture seach hoe faak in plaknamme brûkt wurdt yn tweets. Fuotbal is altiten populêr, al is der wol in ferskil. By wedstriden fan SC Hearrenfean wurdt twa kear safolle twittere as by wedstriden fan Cambuur.

Oare ûnderwerpen dy't dit jier populêr wienen op Twitter: de klokkelieder op Skylge, de fernielings by huzen fan Fryske PVV-ers, it ferbod op it ljipaai sykjen, de provinsjale steateferkiezings en de feale gieren yn Fryslân.

Trending Topics FrieslandTrending Topics Nederland

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)