Thússoarchorganisaasjes stjoere brânbrief oer besunigings

02 des 2015 - 08:58

Sa'n 50 thússoarchorganisaasjes, wêrûnder De Friese Wouden, Antonius Soarchgroep en Alliade, uterje woansdei yn in brânbrief harren soarch oer de tariven dy't de gemeenten betelje wolle foar de thússoarch.

De gemeenten moatte neffens de soarchorganisaasjes net langer besunigje op de thússoarch, om't dy oars driget te ferdwinen. Oanlieding fan it brief is it driigjende massa-ûntslach by TSN Thússoarch.

De VNG, de feriening fan gemeenten, is net ûnder de yndruk fan it brief. Neffens de gemeenten kinne de soarchbedriuwen better wat dwaan oan de hege salarissen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)