Thússoarch wurdt te djoer

02 mrt 2004 - 00:00

Hûnderten kliïnten sille de thússoarch opsizze om't se in hegere eigen bydrage net betelje kinne. Dat tinkt thússoarch De Friese Wouden. De kliïnten krije in brief mei dêryn de eigen bydrage. De ferheging treft fral minsken dy't krekt boppe minimumlean fertsjinje.

Al 200 minsken seinen de soarch op. Se rekken yn panyk fan in brief dêryn't de hegere eigen bydrage oankundige waard. Direkteur Blom tinkt dat it tal skrinende gefallen tanimme sil.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)