Thússoarch Friese Land op 'en paad neffens kalamiteiteplan

05 jan 2016 - 22:53
  • Thússoarchmeiwurkster Fokje Torensma

Ien of twa dagen frij fan skoalle is net sa slim. Mar foar minsken dy't deistich soarch nedich hawwe is it tige wichtich dat de meiwurkers fan de thússoarch ek no mei de izel delkomme.

Thússoarchorganisaasje It Friese Land wurket sûnt tiisdei neffens in kalamiteiteplan wêrby't meiwurkers safolle mooglik yn eigen wengebiet soarch ferliene. Fokje Torensma ferlient dy soarch yn Mitselwier en omkriten. Omrop Fryslân gie tiisdeitejûn mei har mei oer glysterige dykjes.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)