Thúsoerwinning Snits Wyt Swart

06 apr 2014 - 15:58
  • Age Hains Boersma fiert syn treffer

Snits Wyt Swart Boso sleepte snein trije punten út if fjoer troch mei 2-1 te winnen fan Rohda Raalte. Op eigen fjild setten de Snitsers goed útein mei in betide treffer fan Freerk de Jong, dy't in foarset fan Age Hains Boersma binnenskeat. Dyselde Boersma kopte fuort dêrnei de 2-0 yn de touwen. Yn de 38e minut wie de spanning werom yn de wedstriid doe't Rohda Raalte op 2-1 kaam.

Nettsjinsteande inkele goede kânsen nei rêst slaggen beide ploegen der net mear yn om te skoaren, wêrtroch't de rêststân ek de einútslach fan de wedstriid waard.

De ploech fan trainer Johan Groote komt troch de winst op 36 punten út 22 wedstriden.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)