Thúsoerwinning Nard Brandsma

10 jul 2014 - 02:04
  • Nard Brandsma

Nard Brandsma hat op syn eigen thússkâns yn It Heidenskip de fierljepperij fan de tsiende kompetysjewedstriid wûn. De Heidenskipster ljepte in peroanlik rekôr fan 20.33. Oane Galama waard yn 'eigen' doarp twadde mei 20.22. By de froulju gong de winst nei Klaske Nauta mei 15.74. AkkeNeel Talsma waard twadde mei 15.06. Age Hulder wie wer oppermachtich by de junioaren mei 19.86 foar Bobby Zwaagman mei 18.16. Jan Teade Nauta wûn by de jonges mei 18.30.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)