Thúsbliuwe fanwege minne waar

05 feb 2001 - 11:59

Rykswettersteat hat sneintemoarn it strui- en skopersoniel oproppen. Boppe op it snietek dat sneon fallen is, komt sneintemiddei op 'e nij farske snie. De diken kinne ferriederlik glêd wêze.

It ANP advisearret minsken om thús te bliuwen. De brânwacht warskôget snieleafhawwers net yn 'e bosken te kuierjen om't it dêr ûnferwachts glêd wêze kin en tûken troch izel ôfknappe kinne.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)