Thús Wonen besparret jild

22 aug 2012 - 15:26
  • Hierhuzen fan Thús Wonen (stockshot)

Wenningkorporaasje Thús Wonen yn Noard-East Fryslân hat yn 2011 in heal miljoen euro besparre. Foar dit jier geane se út fan in besparring fan 1,4 miljoen euro. Dat is mooglik troch de fúzje fan fjouwer wenningkorporaasjes. Om't der no in gruttere organisaasje is, hoege minder adviseurs ynhierd te wurden, ek it spesjalistyske wurk kin troch de meiwurkers sels dien wurde. Fierder is Thús Wonen ophâlden mei saken as sponsoring en wurdt de ynkeap fan bygelyks kranen standerdisearre en dêrmei wurdt in soad jild besparre.

Foar de kommende jierren is de wenningkorporaasje fan doel om bot te ynvestearjen yn de wennings. Yn totaal sil 75 prosint fan de wennings opknapt wurde foar in bedrach fan yn totaal 135 miljoen euro. Ein dizze moanne moat dêr mear oer dúdlik wurde.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)