Thús prate oer húslik geweld

31 jan 2006 - 09:07

Allochtoane froulju yn Fryslân kinne ynkoarten foarljochting oer húslik geweld krije yn húslike kring. De foarljochting wurdt jûn troch froulju dy't spesjaal treend binne om allochtoanen foar te ljochtsjen. Soks by minsken thús dwaan soe de drompel leger meitsje foar in soad froulju, om der oan mei te dwaan.

It projekt wurdt dien troch de Stifting Solyda. Dy krijt der subsydzje foar fan de provinsje.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)