Thús ôfspraak mei poly meitsje

18 jun 2014 - 10:26
  • De Tsjongerskâns op It Hearrenfean

Pasjinten fan sikehûs Tjongerskâns op It Hearrenfean kinne tenei fia de kompjûter ôfspraken meitsje foar de polyklinyk. De pasjint kin yn de wachtkeamer fan de húsdokter al in ôfspraak meitsje fia it saneamde Soarchportaal, mar it kin ek gewoan thús.

Ek kin de pasjint fan no ôf syn persoanlike gegevens ynsjen en foar in diel oanpasse en al makke ôfspraken besjen. It systeem is test yn gearwurking mei de húsdokters en de Kliïnteried.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)