Thomaslieden yn Aldhoarne

29 des 2012 - 12:13

De klokken klinke by it Thomaslieden yn Aldhoarne dit jier krekt wat oars as oare jierren. Ferline jier is de klokkestoel restaurearre en dêrom binne der no nije bongels. Dy bongels binne fan in lichtere metaalsoart makke en dat jout in oar lûd. It Sint Thomaslieden is in tradysje yn de lêste tsien dagen fan it jier om de boaze geasten te ferjeien. Sneontemiddei om healwei twaën is der in wedstryd St. Thomaslieden. De bedoeling hjirby is om in saneamd fjouwerkant besykje te krijen. Alle jierren komme der hûnderten belangstellenden op ôf.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)